Friso bout nije Nutricia-fabryk yn Haps

11 jun 2016 - 12:53

Oannimmingsmaatskippij Friso út Snits hat in grutte opdracht binnenhelle fan Nutricia. Mei in boubedriuw út Den Bosch bout Friso yn it Noardbrabânske Haps in nije fabryk foar de produksje fan baby-iten. It giet om in ynvestearring fan 240 miljoen fan Danone, it memmebedriuw fan Nutricia.

It fabryk moat ein 2017 klear wêze. Dan wurdt der foar mear as 80 lannen iten foar lytse poppen en pjutten produsearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)