Waadferiening hat 13 goede ideeën foar de Waadsee

© Omop Fryslân, Timo Jepkema
De Waadferiening hat 13 ideeën oanwiisd dy't kâns meitsje op it winnen fan de wedstriid 'Werelderfgoed moet beter - Jouw idee voor de Waddenzee'. It grutste diel fan dy ideeën giet oer it oanpakken fan it plestik yn de Waadsee, de oaren oer hoe't men it gebiet belibje kin,
Op 25 juny wurde de 13 selektearre ideeën presintearre yn Neushoorn yn Ljouwert, in sjuery mei ûnder oare arsjitekte Nynke Rixt Jukema kiest dêrnei in winner.
De Waadferiening organisearret de wedstriid omdat men fynt dat de oerheid de ôfrûne tsien jier temin dien hat foar it Waad.