'Fervesmytster' by Loftmachtdagen is wer op frije fuotten

10 jun 2016 - 20:22

De 54-jierrige frou dy't freedtemoarn by de Loftmachtdagen ferve smiten hat op in showmodel fan de F-35, is wer frij. De maresjesee hat proses-ferbaal opmakke foar fernieling en de frou hat in gebietsferbod krigen. Se mei it terrein fan de fleanbasis net mear op.

De frou út Deventer goaide freed ferve op in dummy fan de F-35. Se waard fuortendaliks oppakt troch de maresjesee. Har redenen om de ferve te smiten binne noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)