Belutsen piloaten ûnderfrege troch ûndersyksrjochters

10 jun 2016 - 19:56

De twa Switserske piloaten dy't tongersdei belutsen wienen by de crash fan in strieljager, binne freed ûnderfrege troch Switserske militêre ûndersyksrjochters. It twatal sil neffens it Switserse parseburo SDA freedtejûn noch werombrocht wurde nei Switserlân. Freedtemiddei binne trettjin man fan in ûndersyksteam oankaam yn Fryslân. Dit team bestiet ûnder oare út twa ûndersyksrjochters en twa soarchferlieners dy't harren ûntfermje oer de piloaten.

De piloat fan de delstoarte strieljager, dy't him troch middel fan syn sjitstoel wist te rêden, makket it nei omstannichheden goed. Hy hat in foetbreuk en lichte snijwûnen en kniezingen oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)