FIDEO: Drokte op earste dei fan de Loftmachtdagen

It wie in drokke earste dei fan de Loftmachtdagen 2016 by de fleanbasis yn Ljouwert! Der wiene sa'n 100.000 besikers. Alle diken rjochting it spektakel stienen oerenlang fêst mei ferkear. De crash fan tongersdei liket minsken net ôf te skrikken om te kommen. Ferskate ynternasjonale teams lieten freed harren keunsten sjen yn it oarlochstúch. Nederlân docht mei mei ferskate fleantugen, lykas de F-16's, Apachehelikopters en natuerlik de nije F-35. De tûzenen besikers seagen harren de eagen út!