Nij doarpsplein fan Mitselwier offisjeel iepene

10 jun 2016 - 17:23

It nije doarpsplein mei dêrop in nij makke moetingsbank moat der foar soargje dat Mitselwier oantrekliker wurdt foar toeristen. Mitselwier is ien fan de doarpen dy't ûnderdiel út makket fan de Waadtour yn it Noarden fan Fryslân. De renovaasje fan it plein en it ferfangen fan it rioel yn de Roptawei en de Balthasar Bekkerstrjitte hat yn totaal 1,2 miljoen euro koste en wurdt ûnder oare finansiere troch de gemeente Dongeradiel en de provinsje.

Yn 2013 is mei de werynrjochting begûn. It doarp woe al 15 jier in moai, nij doarpsplein, mar de finansiering kaam nea rûn. Bewenners binne bliid mei it plein en hoopje dat in soad toeristen oanstekke sille by it oanlizzende kafee-restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)