ISU: 10 kilometer bliuwt ûnderdiel fan WK allround

10 jun 2016 - 16:35

De 10 kilometer bliuwt ûnderdiel fan it WK allround. Dat is freed besletten op it kongres fan de ynternasjonale reedryduny yn Dubrovnik, Kroäsië. Manlju ride op de slotdei fan de wrâldkampioenskippen de 10 kilometer en froulju ride dan de 5 kilometer. Der waard de ôfrûne tiid oer neitocht om de 10 kilometer net mear te riden op it WK allround. Dêrfoar yn it plak moast dan in koartere ôfstân riden wurde, bygelyks de 1000 meter of de 3000 meter. Dat giet dus net troch.

Reedrider Jorrit Bergsma is bliid mei it beslút fan de ISU. Dit is goed foar de sport, seit er. Bergsma fynt de 10 kilometer in wichtich ûnderdiel fan it allrounden. As de 10 kilometer út it programma fan it WK allround ferdwine soe, soe dat wat him oanbelanget it allroundtoernoai minder nijsgjirrich meitsje.

Hiel belangryk

"It is hiel belangryk dat it bliuwt. As je de 10.000 meter ferfange troch bygelyks de 3.000 meter, is it wat my oanbelanget gjin allround mear", sa seit Bergsma. Hoewol't it allrounden foar him net de heechste prioriteit hat, fynt hy it allrounden wol tige moai. Hy wol him yn de oanrin nei de Olympyske Spelen talizze op de yndividuele ôfstannen, mar hâldt de opsje iepen om yn it takommende seizoen wer mei te dwaan oan de allroundtoernoaien.

By de manlju bliuwe dus de fertroude ôfstannen op it programma fan it WK allround stean: de 500, 1.500, 5.000 en 10.000 meter. By de froulju feroaret der ek neat. Sy ride de 500, 1.500, 3.000 en 5.000 meter.

Plan giet net troch

De technyske kommisje fan de ISU hie plannen om it tal WK's te ferminderjen. Se woene werom fan trije nei ien WK per jier. Dit giet net troch. De WK ôfstannen, WK allround, WK sprint sille dus gewoan elk jier riden wurde. Allinnich yn it jier wêryn't de Olympyske Spelen hâlden wurde, is der gjin WK ôfstannen.

By de wrâldkampioenskippen ôfstannen wurdt fan 2019 ôf ek de teamsprint ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)