Kommando fleanbasis oerdroegen, Schnitger ûnderskieden

Luitenant-generaal Sander Schnitger is by de oerdracht fan it kommando loftmacht keninklik ûnderskieden. Hy is beneamd ta offisier. Schnitger droech it kommando freedtemiddei op de startbaan oer oan generaal Dennis Luyt. Dy wie earder kommandant fan de fleanbasis yn Ljouwert.
De seremoanje wie útsteld oant de iepen dagen, sadat it publyk mei sjen koe. Minister Jeanine Hennis-Plasschaert wie ien fan de sprekkers.