Motorriders ferwûne by botsing mei auto by Stiens

10 jun 2016 - 14:19

Op de krusing fan de Noordwesttangent en de Stienzer Hegedyk by Stiens binne tongersdei oan de ein fan de middei twa minsken ferwûne rekke. In 27-jierrige motorrider út Stiens en syn 57-jierrige passazjiere út Sint-Jabik botsten tsjin de auto fan in 19-jierrige bestjoerder út Aldebiltsyl. Dy soe de dyk opride en seach de motorrider oer de holle.

De motorrider en syn passazjiere rekken ferwûne en binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De automobilist kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
botsing ûngelok motor auto Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)