Switsersk team ûndersiket fleantúchcrash yn Bitgum

10 jun 2016 - 14:09

Der is freed in Switsersk team yn Bitgum oan de gong om ûndersyk te dwaan nei de oarsaak fan de crash tongersdei fan in Switserske strieljager. De delegaasje bestiet út minsken fan de militêre justysje en feilichheids- en ûngelokssaakkundigen. Der binne ek soarchferlieners spesjaal foar de piloaten meikaam.

It Switserske ûndersyksteam hat kontakt mei de Nederlânske Onderzoeksraad voor de Veiligheid. Dy is tongersdei al mei in ferkennend ûndersyk begûn en is freed ek noch dwaande.

Trefwurden: 
crash Bitgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)