EK sûnder Oranje: "Ik wol fuotbal sjen, net ferwende jonges"

10 jun 2016 - 14:00

"Ik wol nei fuotbal sjen, net nei ferwende jonkjes", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it missen fan Oranje fan it EK fuotbal. Freed begjint it feest yn Frankryk sûnder dat 'wy' der by binne. Twa jier lyn noch de grutske nûmer 3 op it WK, mar no sitte 'we' thús of op de kemping.

België en Dútslân wurde it meast neamd as lannen dy't no oanmoedige wurde moatte. Oer de kânsen om it WK oer twa jier te heljen, binne de mieningen op de freedsmerk bot ferdield.

Foar it radioprogramma No in Fryslân sjocht ferslachjouwer René Koster alle wiken op de freedsmerk yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)