FIDEO: F-35's beide yn aksje by Loftmachtdagen

De demonstraasje fan de twa F35's freedtemiddei wie in primeur foar Europa. De strieljagers makken oan it begjin fan de middei diel út fan in demonstraasje en lieten sjen wat se kinne, bygelyks leech fleane en doelen oanfalle. It is foar it earst dat dit bûten Amearika bard.
Op de basis stiet ek in showmodel dy't besikers fan tichteby besjen kinne. Sa kinne sy yn de cockpit sjen. En dat is in populêre attraksje, der stiet in lange rige foar.