Besikers Loftmachtdagen frustrearre oer files en parkearjen

De frustraasjes ûnder besikers fan de iepen dagen op de fleanbasis oer it stilsteande ferkear om Ljouwert hinne rinne op. It ferkear op de westkant fan de Heak om Ljouwert stiet al in skoft fêst.
Benammen fia Twitter kleie minsken dat se earst lang fêst stean en dernei lang wachtsje moatte op de bussen dy't harren fan it parkearterrein nei de fleanbasis bringe.
Sa seit Robert Kloosterman:
En foar Roy Janssen út Venlo wurdt it mooglik in koarte besite oan Ljouwert:
Marjolijn Berend hat de moed sels opjûn:
Der is ek krityk op de kommunikaasje oer it stilsteande ferkear.
De organisaasje seit dat se wurket oan in oplossing en freget om begryp.