Frou oppakt foar smiten fan ferve op F-35 by Loftmachtdagen

In 54-jierrige frou út Deventer hat freedtemoarn ferve smiten op de dummy fan de F-35 by de Loftmachtdagen op de fleanbasis yn Ljouwert. De frou wurdt fertocht fan fernieling. Wêrom't de frou mei ferve nei it model fan de strieljager smiet wurdt noch ûndersocht.
De dummy is yntusken wer skjinmakke. Minsken kinne mei de iepen dagen op de fleanbasis deunby de dummy komme. By de echte F-35, ien fan de publykslûkers, moat it publyk mear ôfstân hâlde.