Oerol freed ier en betiid úteinset mei dûnsfoarstelling

10 jun 2016 - 07:57

It Oerol Festival op Skylge is freedtemoarn om 5 oere úteinset mei in dûnsfoarstelling. Sa'n 250 minsken kamen op de foarstelling by it Arjensdún ôf. Dêr diene 50 dûnsers fan oer de hiele wrâld mei oan it stik Rizoma fan de Spaanske Compañia Sharon Fridman. De dûns- en bewegingsfoarstelling hie as tema de relaasje tusken minske en lânskip.

Om 10.00 oere wurdt Oerol offisjeel iepene troch Joop Mulder. Oerol wurdt dit jier foar de 35ste kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)