FIDEO: Monumintale keunst ferdwynt troch slopershammer

10 jun 2016 - 06:56

Monumintale keunst yn iepenbiere gebouwen driget te ferdwinen. Fan de fjouwerhûndert keunstwurken yn benammen eardere skoallen bestiet de helte al net mear. Dat docht bliken út ûndersyk fan histoarikus en sjoernalist Erik Betten fan Dronryp. Betten ûndersocht de ôfrûne tiid monumintale keunst tusken 1945 en 1975. Hy striidt no foar behâld fan wat der noch is. Op de legere Lânbouskoalle yn Frjentsjer is by it ôfbrekken fan it gebou de keunst noch krekt rêden, mar no stiet it wurk te fertutearzjen op de gemeentewerf.

Erik Betten ropt elkenien op him fia Twitter te melden, wêr't noch monumintale keunst te finen is. Mar wat der dêrnei mei bart, is de fraach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)