Aksje studinten NHL foar duorsumens

09 jun 2016 - 23:05

De studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert wolle dat harren skoalle no einliks folslein Fairtrade wurdt. Dêrfoar fiere se freed aksje. De studinten fine it mar nuver dat sy lessen krije oer duorsumens en earlike hannel, mar dat Fairtrade op de skoalle sels noch amper in rol spilet. Se fine dat de NHL krekt op dit mêd in foarbyldfunksje hawwe kin, sawol yntern as nei bûten ta.

De studinten sille yn de sintrale hal aksje fiere en de resultaten dêrfan letter oerhannigje oan de ried fan bestjoer.

Trefwurden: 
NHL duorsemens aksje
(advertinsje)