Fergunning Psy-Fi yn behanneling nommen

09 jun 2016 - 23:01

De gemeente Ljouwert hat de fergunningoanfraach fan Psy-Fi yn behanneling nommen. De festivalorganisaasje wol it evenemint hâlde fan 24 oant en mei 28 augustus yn de Griene Stjer. De oanfraach foar de evenemintefergunning ferskynt nije wike yn de Huis aan Huis en dan leit de oanfraach ek twa wike op besjen. Belanghawwenden kinne yn dy fjirtjin dagen sjenswizen yntsjinje.

Oerlêst

Der hat in soad te dwaan west oer eardere edysjes fan it festival, ynwenners fan Cammingaburen hiene in soad oerlêst fan de muzyk en minsken fine it hiel ferfelend dat de Griene Stjer in lange perioade net tagonklik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)