Oanpak ôffal op snoeprûtes Súdwest-Fryslân

09 jun 2016 - 22:55

Wa't nije wike ôffal op de dyk smyt yn de gemeente Súdwest-Fryslân, rint it risiko dat er op de bon slingere wurdt. Nije wike binne minsken fan de gemeente op paad om it ôffalprobleem oan te pakken. Se dogge dat benammen op de snoeprûtes tusken skoallen en supermerken, dêr't altyd in soad ôffal leit.

In soad minsken ergerje har bot oan it smoargens dat op stoepen en yn plantsoenen leit. It stiet op nûmer 2 yn de ergernissen-top-3. Minsken dy't betrape wurdt op it op de grûn goaien fan ôffal krije in bekeuring fan 140 euro of in HALT-straf.

Op de skoallen wurdt tagelyk in wedstriid hâlden wêryn't learlingen de bêste oplossing betinke moatte foar it ôffalprobleem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)