Marit Bouwmeester twad yn klassemint Weymouth

© Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester stiet by de Laser Radial-wrâldbekerwedstriid yn it Ingelse Weymouth nei trije races op it twadde plak. Woansdei koe der net fearn wurde, omdat der te min wyn wie, mar tongersdei waarden der trije races syld. Marit Bouwmeester waard tredde, 14e en earste en stiet dêrmei twadde achter de Sineeske Olympyske kampioene Xu Lijia. De wedstriden wurde hâlden yn de haven dêr't yn 2012 de Olympyske medaljes ferdield waarden, Bouwmeester helle doe sulver.
Goeie training foar Rio
"It wie in hiele lange dei, goed sân oeren op it wetter foar trije wedstriden. De stie net folle wyn, mar wol in goede wyn" neffens Bouwmeester. "Dit is fansels in goede training foar de wedstriden yn Rio by de Olympyske Spelen. Dêr kinst ek samar in pear oeren omdriuwe yn de baarnende sinne en dan ynienen in wedstriid farre moatten op in baan dêr't wol wyn stiet".