Brouwerij hellet 'Cambier' werom fanwege ûntploffingsgefaar

09 jun 2016 - 21:28

Bierbrouwerij De Kroon yn Ljouwert hellet fleskes Cambier werom, fanwege ûntploffingsgefaar. Der sit tefolle koalsoer yn it bier, hoe't dat kin wurdt noch ûndersocht. It giet om sa'n 170 fleskes Cambier Licht Blond en Cambier Zwaar Blond. De fleskes kinne knappe as se te waarm wurde. Tefolle koalsoer is te fernimmen by it iepenmeitsjen fan it fleske, it bier spuitet der dan út.

Neffens Ulco de Jong fan de brouwerij fynt it hiel ferfelend dat dit sa rint, mar wol gjin risiko nimme en ropt dêrom alle fleskes Cambier werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)