Bewenners Het Nieuwe Hoek krije 3.500 euro fergoeding

Bewenners fan wyksoarchsintrum Het Nieuwe Hoek út Ljouwert krije 3.500 euro fergoeding om te ferhúzjen en meie sels útkieze hokker plak dat wurdt. Dat seit Sjoerd Talsma fan KwadrantGroep. De bewenners moatte ferhúzje om't it hierkontrakt fan it gebou net ferlinge wurdt. De lokaasje is net mear fan dizze tiid en moat dêrom ticht, sa seit Talsma. It wyksintrum hat boppedat al jierren te krijen mei leechstân fan apparteminten.
''Ek bern fan minsken dy't in appartemint sykje, keure de lokaasje. En as sy dan sjogge dat dizze ferâldere is, dan helpt dat ek net tsjin de leechstân'', sa seit Talsma.
KwadrantGroep wol net ynvestearje yn it gebou, om't dat te djoer is. Wol fine de bewenners it dreech om harren hjoeddeistige plak te ferlitten. It wurdt dan ek in hiele operaasje om alle meiwurkers en alle bewenners ûnder te bringen by oare soarchynstellings, mar neffens Talsma giet dat dit jier noch slagjen.