Balk stopt mei 'Kleintje Feestweek' yn de maitiid

It sintrum fan Balk © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn Balk wurdt tenei yn de maitiid gjin 'Kleintje Feestweek' mear organisearre. Dat hat it bestjoer fan de Stichting Feestweek Balk besluten. Der is al jierren sprake fan minder besikers en ek minder attraksjes. Ek dit jier bleaune op it lêste momint attraksjes wei. De stichting hat doe sels in oantal saken regele, lykas in springkessen en in miny-sweef. It bestjoer wol him tenei hielendal rjochtsje op de feestwike yn augustus. Se ûndersykje no oft dy wike yn eigen behear hâlden wurde kin, sadat se net wer konfrontearre wurde mei ôfsizzings.
Oerlêst
Buorman Hammie Kramer is bliid mei it beslút, hy hie altyd in soad lûdsoerlêst fan de merke op it Treemterplein. Syn tún leit neist it plein. Hy freget foar it grutte feest yn augustus dat der in maksimale muzykgrins opnommen wurdt yn de fergunning. Dat sjocht gemeente De Fryske Marren lykwols net sitten, dat is neffens de gemeente gjin dwaan. Sy kinne net foar elk evenemint in lûdsnoarm fêststelle. De fergunningsoanfraach foar de grutte feestwike is yn behanneling en sil nei alle gedachten ek ferliend wurde, mar sûnder lûdsnoarm.