Loftmachtdagen gean wol troch

De Loftmachtdagen op de fleanbasis fan Ljouwert gean wol troch. Nei de fleantúchcrash fan tongersdei wie it ûndúdlik oft it evenemint wol trochgean moast. Op de parsekonferinsje fan tongersdeitejûn makke boargemaster Ferd Crone bekend dat besletten is om de Loftmachtdagen trochgean te litten.
Alle mooglike feilichheidsmaatregels binne nommen om it evenemint feilich ferrinne te litten. De fleanshows wurde net boppe it publyk en ek net boppe beboud terrein hâlden, mar wol sa dat it publyk it goed sjen kin.
Fleanbasiskommandant Traas
Fleanbasiskommandant Traas sei op de parsekonferinsje dat it foarfal hurd oankommen is op de basis. De crash barde by in oefenflecht foar de Lofmachtdagen fan freed en sneon. By dy training hawwe twa tastellen elkoar rekke, wêrnei't ien fan de beide delstoart is. It oare tastel hat in slagge needlâning makke op de fleanbasis fan Ljouwert. De piloat fan it crashte tastel hat letsel oprûn oan beide ankels, de oare piloat mankearre neat. Hy hat mei it Switserske team sprutsen, sy dogge no net mei oan de Loftmachtdagen.
Boargemaster Tom van Mourik
Boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel is freeslik bliid dat der gjin slachtoffers fallen binne en dat der allinnich materiële skea is. Hy hat sprutsen mei de bewenners fan it hûs dêr't it tastel flakby delkommen is. Sy binne hiel bot skrokken, mar ek bliid dat it sa ôfrûn is. Hy rôp minsken op net nei it crashplak te gean. It tastel moat burgen en ûndersocht wurde. Dêrom wurdt it plak net frijjûn en is de ME derby om minsken der by wei te hâlden.
Foarsitter feilichheidsregio Ferd Crone
Boargemaster Ferd Crone neamde it in bûtengewoan earnstich ûngefal, mar dat de konklúzje dochs is dat de Loftmachtdagen trochgean kinne. Wol wurdt der net boppe publyk en ek net boppe beboud gebiet flein. Alle feilichheidsmaatregels binne nochris trochrûn en de piloaten binne har noch mear bewust fan de gefaren as dat se al wiene.