Mylde foarm fûgelgryp op De Lytse Jouwer

09 jun 2016 - 19:32

By in plomfeebedriuw op De Lytse Jouwer yn de gemeente Dongeradiel is tongersdei in mylde foarm fan fûgelgryp fêststeld. Alle 48.000 hinnen wurde út foarsoarch romme. It giet wierskynlik om in mylde H7-fariant fan de fûgelgryp. Dy fariant kin lykwols feroarje yn in foar hinnen deadlike foarm fan fûgelgryp. De NVWA hat derom besletten de bisten te romjen. Yn in striel fan ien kilometer jildt in ferfiersferbod foar plomfee, aaien, dong en brûkt struisel. Yn dat gebiet binne gjin oare plomfeebedriuwen.

De útbraak fan fûgelgryp by in plomfeebedriuw yn De Lytse Jouwer komt nei alle gedachten troch wylde fûgels. De wylde fûgels hawwe nei alle gedachten it grypfirus oerdroegen, sa seit Piet Faber fan LTO.

De lêste kear dat yn Nederlân in mylde foar fan de fûgelgryp foarkaam, wie yn april 2015 yn Noard-Brabân.

Trefwurden: 
Fûgelgryp Lytse Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)