Mooglik twadde tastel belutsen by crash

09 jun 2016 - 18:20

By it fleantúch-ûngelok oan De Bodde by Bitgum is mooglik in twadde fleantúch belutsen. Op Twitter binne ferskate foto’s te sjen fan in tastel mei skea oan de sturt dat lânet is op de fleanbasis fan Ljouwert. Ek spotters sizze dat se in botsing sjoen hawwe.

It fleantúch fan Patrouille Suisse is nei alle gedachten tsjin de F-5 oanflein dy't delstoarte by Bitgum. Dit fleantúch bedarre yn in fiver tusken de kassen.

Trefwurden: 
crash strieljager Bitgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)