Al 60 tips yn Ljouwerter sedesaak

09 jun 2016 - 16:08

De plysje hat oant no ta 60 tips binnen krigen yn de sedesaak yn de Ljouwerter Blommebuert op 22 maaie. Der binne ek nammen trochjûn. De saak waard tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht behannele, neidat ferline wike al in komposysjetekening frijjûn wie.

Op 22 maaie waard jûns om 21:30 oere by it 60-jierrige slachtoffer oanbelle troch in man dy't earst alris by har delrûn wie. De frou waard seksueel misbrûkt, wêrnei't de fertochte om 24:00 oere wer fuortgie.

De plysje hat al in grut buertûndersyk hâlden. Alle ynformaasje wurdt no ûndersocht, mar de gouden tip sit der noch net by.

Trefwurden: 
sedesaak Blommebuert Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)