Fryske bazen yn it himd set

09 jun 2016 - 15:59

In hiele rige grutte bazen fan Fryslân binne woansdeitenacht yn it himd setten. Under oare Grutte Pier, Abe Lenstra, Bonifatius en Anne Vondeling hawwe in read himd oankrigen mei dêrop de tekst "Ik bin baas". De aksje is in inisjatyf fan Baas Himd, in webshop mei shirts mei Fryske teksten derop.

Baas Himd fûn dat de grutte bazen fan de Fryske skiednis wolris yn it sintsje setten wurde meie. Grutte Pier die syn namme eare oan en paste net goed yn it himd. Foar de oare bylden waard it oplost mei plakbân, feilichheidsspjelden en tou.

Trefwurden: 
Baas Himd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)