Grutsk wêze op wa't je binne by de GayStraight Parade

09 jun 2016 - 15:40

Yn Ljouwert is tongersdei foar de twadde kear de GayStraight Parade hâlden. Mei muzyk, ballonnen en fleurige klean farre 15 boatsjes fol studinten yn in optocht troch de grêften yn de Ljouwerter binnenstêd. It evenemint is in lytse ferzje fan de grutte Gaypride-parade yn Amsterdam. It tema is frijheid, ferskaat en grutsk wêze op wa't je binne. De dielnimmers wolle sa sjen litte dat eltsenien gelyk is.

De parade giet foarôf oan it Dancetour Zomerfestival dat tongersdei op it Saailân hâlden wurdt. Mei it festival wurdt it stútdzjeseizoen ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)