Spotters meie dei earder fleantugen besjen op fleanbasis

Spotters út hiel Nederlân hawwe tongersdei de dei fan har libben. Sy meie dan al de fleanbasis op om de moaiste foto's te meitsjen fan al dy tastellen dy't nei Ljouwert kaam binne fanwegen de loftmachtdagen.
De loftmachtdagen binne freed en sneon. Dan wurde der sa'n 200.000 minsken ferwachte. Om de spotters de romte te jaan, koene sy no dus al har plaatsjes sjitte.