Ljouwerter soarchsintrum Het Nieuwe Hoek moat ferhúzje

09 jun 2016 - 11:09

It hierkontrakt foar wyksoarchsintrum Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert wurdt net ferlinge troch de eigener fan it gebou en soarchynstelling Palet. It kontrakt rint yn 2018 ôf. Der steane apparteminten leech en de kwaliteit fan de húsfêsting foldocht net oan de easken dy't de soarch stelt.

Boppedat bliuwe âlderen hieltyd langer thús wenjen en komme allinne âlderen mei in swiere soarchfraach noch yn de beneaming foar in plak yn in soarchsintrum. Ien en oar betsjut dat de bewenners ferhúzje moatte nei in oare lokaasje.

Bewenners en meiwurkers fan Het Nieuwe Hoek binne op ynformaasjegearkomsten op de hichte brocht. Wat der dêrnei mei it gebou fan Het Nieuwe Hoek bart, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)