Drachtster dy't eks om it libben brocht foar it rjocht

By de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet op dit stuit de rjochtsaak tsjin in 43-jierrige Drachtster, dy't der fan fertocht wurdt syn eks-freondinne om it libben brocht te hawwen. Dat barde ferline jier yn de nacht fan 14 augustus yn har wenning oan de Zilverschoon yn Drachten. De no 9-jierrige soan fan de frou wie yn 'e hûs doe't de man tasloech. Under de sitting sil de jonge yn in opnommen fideoboadskip in slachtofferferklearring jaan.
De Drachtster hat bekend dat er syn eks-freondinne mei in mes ombrocht hat.