Frou bedarret mei auto yn sleat by Hallum

09 jun 2016 - 06:54

In automobiliste is woansdeitejûn mei har auto yn de sleat bedarre oan de Roodschuursterleane by Hallum. Dat wie om kertier foar alven hinne. Meardere brânwachtkorpsen, in ambulânse en de plysje waarden alarmearre. De frou wie sels al út de auto klommen en by buertbewenners ûnder de dûs stapt.

Ambulânsepersoniel hat de frou noch kontrolearre op ferwûningen. Se hie neat. Har auto is troch in bergingsbedriuw út it wetter helle. Dy kin nei de sloop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)