Fleanbasis Ljouwert ferwachtet spektakel by loftmachtdagen

09 jun 2016 - 06:03

Operatie Luchtsteun. Dat is it tema fan de kommende loftmachtdagen op fleanbasis Ljouwert. De loftmacht wol 10 en 11 juny sjen litte wat se dogge, meimeitsje yn it fjild en ek wêr't de loftmacht foar stiet. Boppedat is der omtinken foar hoe't der ynternasjonaal gearwurke wurdt en foar goed 'Nabuurschap'. Definsje wol stilstean by de bydrage dy't de loftmacht al jierren leveret oan frede en feiligens oeral op 'e wrâld, mar ek yn eigen lân.

In part fan de basis stiet folslein yn it ramt fan de missys fan de loftmacht. Sa is der in saneamde shelter, in bunker, ynrjochte mei ynformaasje oer de missys fan no. Bygelyks de missy yn Maly (Afrika) en de ynset fan de F-16's yn de ôfrûne 23 jier, lykas no yn it Midden-Easten.

De F-35

De grutte publykslûker is de F-35. Ien fan de beide Nederlânske tastellen kriget in plak yn de 'Static-show'. Dêr kin it publyk de fleantugen goed besjen. Hoewol't it publyk ticht by de oare tastellen komme kinne, sil de F-35 allinnich fan in ôfstân te besjen wêze. Dat hat te krijen mei ûnder oare de feiligens en geheime apparatuer oan board.

Yn in hangaar midden op it terrein stiet lykwols it skaalmodel. Belutsenen by it F-35 programma stean dêr klear om tekst en útlis te jaan oer de F-35 en de fierdere ûntwikkeling fan it tastel en oer it Nederlânske detasjemint. It twadde tastel fljocht mooglik mei yn de show.

De show

De show belooft in wier spektakel te wurden. It is slagge om de fiif grutste demoteams fan Europa nei Ljouwert te heljen. Sa komme de Turkish Stars (Turkije), de Patrouille de Suisse (Switserlân), de Patrouille de France (Frankryk), de Red Arrows (Grut Brittanje) en de Frecce Tricolori (Itaalje). Ek binne der twa grutte helikopterdemonstraasjes. Ljouwert hat de primeur mei de nije show fan it Apache-demonstraasjeteam en ek de Ingelske Black Cats komme del. Dêrnjonken fleane noch it Belgyske F-16 displayteam, in Slovaakse MiG-29, in Spaanske Eurofighter en histoaryske tastellen lykas de P-51 Mustang en twa Britske Spitfighters.

Moarns wurdt begûn mei de lichtere tastellen lykas de Mustang. Sa wurdt tawurke nei de hichtepunten yn de loftshow. Oan it begjin fan de middei stiet de demonstraasje fan de Nederlânske loftmacht pland. Der wurdt in koarte blik efter de skermen jûn oer hoe't der operearre wurdt yn krisisgebiet. Njonken F-16's wurde ek helikopters ynset en in KDC-10 tankfleantúch. De Red Arrows fleane allinnich op freed en de Patrouille de France allinnich op sneon.

Bern

Foar de jeugd is der in soad te dwaan. Der is in stoarmbaan, in klimtoer en bern kinne tal fan útdagingen oangean om te sjen oft se mooglik geskikt binne foar it wurk by de loftmacht. Nijsgjirrich is ek 'Sim-City'. Yn ien fan de shelters oan de súdeastkant fan it fleanfjild kinne se fleane yn simulators fan in F-16, Red Arrow, in Eurofighter Typhoon, in Rafale en in Spitfire.

Nije baas

Op freed is der ek noch in bysûndere seremoanje. Dan nimt generaal-majoar Dennis Luyt it kommando oer de folsleine loftmacht oer fan luitenant-generaal Sander Schnitger. Luyt is gjin ûnbekende op fleanbasis Ljouwert. Hy waard yn 2010 kommandant fan de fleanbasis. Dêrnei waard er direkteur Operaties fan de loftmacht.

Handich om te witten

De kontrôle op de loftmachtbasis sil strang wêze. Yn it ramt fan de feiligens wurde alle tassen kontrolearre. Om't in soad drokte ferwachte wurdt, by de lêste loftmachtdagen yn 2014 wiene der 245.000 besikers, is it handich yn it foar goed út te sykjen hoe't de fleanbasis it bêste berikt wurde kin. De loftmacht hat in app makke dy't te downloaden is yn ferskate app-stores. Dêr stean tips op oer de berikberens en wêr't de parkearplakken binne. Der ride ek pendelbussen tusken it treinstasjon en de fleanbasis.

Omrop Fryslân docht op 10 en 11 juny de hiele dei ferslach fan de loftmachtdagen fia telefyzje, radio, de webside en de app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)