Dokkum krijt 77 nije apparteminten oan de Houtkolk

08 jun 2016 - 22:34

Op it fertutearze bedriuweterrein oan de Houtkolk yn Dokkum komme fjouwer gebouwen mei yn totaal 77 keap- en hierapparteminten. De gebouwen krije 5 oant 7 ferdjippingen. De bedriuwsgebouwen op it terrein lâns de Dokkumer Ie wurde sloopt.

De plannen binne woansdeitejûn presintearre oan de omwenners. Yn it bouplan wurkje boubedriuwen Dijkstra Draisma, Visser, Schregardus, Adema Architecten, wenningkorporaasje Thús Wonen, Loft Ruimtelijke Ontwikkeling en de gemeente Dongeradiel gear.

De Houtkolk wie ien fan de âldste bedriuwsterreinen yn de stêd. It lei earder oan de râne fan Dokkum, mar rekke hieltyd mear ynsletten troch nije bebouwing. De ried praat op 30 juny oer de plannen. De sloop en boaiemsanearring moatte yn 2017 begjinne. Ein 2016 wurdt al begûn mei de ferkeap fan de apparteminten.

Trefwurden: 
Houtkolk Dokkum apparteminten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)