Buma: Steatssiktaris Van Dam moat foar boeren opkomme

08 jun 2016 - 22:45

It omfoarmjen fan agrarysk lân yn natuer moat sa njonkelytsen mar ris ophâlde. CDA-lieder Sybrand Buma sei dat woansdeitejûn op in moeting mei CDA-leden yn Drachten. Buma wol dat der foldwaande boerelân oerbliuwt om de agraryske produksje op peil te hâlden. Buma waard it ôfrûne wykein by akklamaasje keazen ta CDA-listlûker en hâldt op it stuit op ferskate plakken yn Nederlân moetingen mei CDA-leden. Lânboubelied wie yn Drachten ien fan de ûnderwerpen fan petear.

'Net de goeie man op it goeie plak'

It CDA is tige kritysk oer it belied fan steatssiktaris fan lânbou Martijn van Dam (PvdA). Van Dam sei ferline wike dat 'hy der net foar de boeren sit'. Dy útspraak nimt Buma Van Dam bysûnder kwea ôf. Neffens Buma moat in steatssiktaris fan lânbou yn Den Haag krekt opkomme foar de boeren. "Als hij er niet voor de boeren zit, voor wie zit hij er dan wel?", freget Buma him ôf. De CDA-lieder neamt Van Dam dêrom 'net de goeie man op it goeie plak'. "Het ministerie van economische zaken is volgens mij alleen maar met economische zaken bezig en niet met landbouw."

Earlike priis foar produkten

Buma fynt dat it heech tiid wurdt dat dit feroaret, net allinnich fanwegen de boeren, mar ek om it op peil hâlden fan de agraryske produksje. "De wrâldbefolking nimt ta. It soe net goed wêze as wy foar ús iten ôfhinklik wurde soene fan lannen as Egypte of Ukraïne."

Boeren hearre neffens Buma in 'earlike priis' foar har produkt te krijen. De polityk moat soargje foar de goeie rânebetingsten. Yn in strieminne merk allinnich mar mei nije easken komme is net ridlik, sa seit de CDA-lieder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)