Nije opset by EK reedriden

08 jun 2016 - 20:53

De Europeeske kampioenskippen reedriden op de langebaan krije in nije opset. Neist de EK allround komme der tenei in EK sprint en in EK ôfstannen. Yn de seizoenen foar en nei de Winterspelen wurdt der in kombinearre, trijedaags toernoai ferriden, mei de EK allround en de EK sprint. Yn de oare jierren wurde de EK ôfstannen hâlden. Dat hat it ynternasjonale reedridersbûn ISU woansdei besletten.

Op de EK allround bliuwe alle tradisjonele ôfstannen foar manlju en froulju behâlden. De 10 kilometer ferskood wol fan de earste nei de tredde dei. Op de EK ôfstannen ferdwine de 10 kilometer foar de manlju en de 5 kilometer foar de froulju. Derfoar yn it plak komt de 1000 meter.

Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer fynt de feroarings gjin minne saak, mar neffens him feroaret der net in hiel soad. Hy is wol bliid dat de 10 kilometer by de EK allround bliuwt.

Shorttrack

Foar de shorttrackers is it goeie nijs dat gastlannen fan in EK of WK tenei mei it maksimale oantal fan trije riders dielnimme. It Nederlânske reedridersbûn KNSB hat him hjir sterk foar makke. It wrâldkampioenskip shorttrack wurdt yn 2017 yn Rotterdam hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)