Teaterstik oer ferlies fan in dierber persoan

08 jun 2016 - 19:38

Hoe moatte je as bûtenwrâld omgean mei it fertriet fan ien dy't in bern of in oar dierber persoan ferlern hat? Akteurs Popke van der Zee en Froukje Reitsema meitsje der it teaterstik 'Foar dy nei dy' oer. It is basearre op eigen ûnderfiningen: santjin jier lyn ferdronk Van der Zee syn 2,5 jierrige soantsje yn it wetter foar hûs. En achttjin jier lyn ferlear Reitsema har 26 jierrige soan, doe't er mei in auto yn it wetter bedarre. It stik giet 22 septimber yn premjêre by it wetter fan natuergebiet De Leien by De Rottefalle.

Omgean mei ferlies

"Wy ferlearen ús bern troch in ûngemak", fertelt Reitsema. "It wie ek in grut ûngemak foar ús persoanlik. Hoe gean je om mei it ferlies. Je wurde enoarm op de proef steld, want ek de omjouwing hat der muoite mei om mei de dea om te gean. Mei ús stik wolle we minsken yn de mjitte komme, sadat it foar har ek tagonklik wurdt om der mei om te gean."

Neffens Van der Zee is it hiel spannend om je eigen persoan op toaniel del te setten. "It ferliezen fan in neiste is in hiel persoanlik barren. Op sa'n momint stean je op je iepenst. Je filterje de wurklikhied sa't dy is. Elts giet dêr persoanlik mei om."

It teaterstik fynt plak oan it wetter. Van der Zee: "Wy hawwe de romte opsocht". Reitsema: "Wetter hat foar ús in bysmaak foar de dea fan ús bern, mar it jout ek romte, rêst en útsjoch. De dea heart by it libben en dat wolle we hiel sterk útdrage, want eltsenien hat der mei te krijen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)