Hieltyd minder bern keatse

08 jun 2016 - 17:53

Keatsklups en ferieningen meitsje harren soargen oer it tal Fryske bern dat noch keatst. De klups hawwe te krijen mei in grut weromrinnend oantal leden. Dat seit Sjoukje Kalsbeek fan de skoalkeatskommisje Ljouwert. Hoe't it no kin dat hieltyd minder bern de Fryske sport beoefenje, is net dúdlik, mar Kalsbeek tinkt dat it leit oan it grutte oanbod fan sporten hjoed-de-dei. Benammen it fuotbal is in konkurrint fan it keatsen.

Minder jild

Net allinnich it oantal leden is in probleem. Ek sjogge organisaasjes fan de ferieningen dat sy minder jild binnen krije. ''En de prizen en krânsen moatte wol betelle wurde'', sa seit Kalsbeek fan de skoalkeatskommisje.

Om de Fryske sport te behâlden, moat der neffens har aksje ûndernaam wurde. Sa waard woansdeitemiddei yn Wergea in keatswedstriid organisearre om it kampioenskip fan de gemeente Ljouwert foar basisskoallepartoeren. Skoallen organisearje hieltyd faker spesjale keatssportdagen en keatslessen foar de bern, sadat sy harren dernei miskien wol oanslute wolle by in keatsklup.

Trefwurden: 
keatsen Sjoukje Kalsbeek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)