Flixbus wol snelbus tusken Fryslân en de Rânestêd

Fan dizze simmer ôf moat der in flugge bus ride tusken Fryslân en de Rânestêd. As it oan de Dútske ferfierder Flixbus leit komt der in direkte ferbining tusken Drachten en Rotterdam. Fia Ljouwert en Harns moatte minsken dan ek útstappe kinne yn Amsterdam en Den Haag. It bedriuw Flixbus is in busmaatskappij út it Dútske München en ferfiert miljoenen minsken troch hiel Europa. It bedriuw bestiet sûnt 2013.
De provinsje Fryslân hat al in ûntheffing klear lizzen foar it bedriuw, mar is noch ôfhinklik fan grien ljocht fan de provinsjes Noard- en Súd-Hollân.