Kliïnteried stjoert brânbrief oer sosjale wykteams Ljouwert

De kliïnteried Werk en Inkomen Ljouwert hat in brânbrief nei de gemeenteried stjoerd. Dêryn freegje se omtinken foar de problemen mei de sosjale wykteams. Dy wurkje net goed, seit de kliïnteried dy't ferantwurdlik is foar de belangen fan minsken mei in útkearing. Leden fan de ried krije klachten fan harren kliïnten oer de privacy. Sa soene saken dy't yn in fertroulik petear mei ien fan it wykteam besprutsen binne, dêrnei bepraat wurde yn in it hiele team.
Boppedat hawwe de wykteams eins twa taken, mei tsjinstridige belangen, seit Renee Reijenga fan de kliïnteried. Oan de iene kant moatte se minsken helpe, soarch ferliene en in fertrouwensbân opbouwe. Oan de oare kant hawwe de minsken fan it wykteam de opdracht om de kliïnten safolle mooglik partisipearje te litten en hjir ek op te kontrolearjen. Dy twa taken, dat kin net beiden, seit Reijenga. Sy wol dan ek dat de gemeenteried eins wer taken fuort hellet by de wykteams.
Wurkwize
Oare klachten fan de kliïnteried geane oer de wurkwize. Sa soenen de meiwurkers fan it wykteam sûnder ynformaasje by minsken delgean en se thús ûnderfreegje, om sa in dossier op te bouwen. Wylst de kliïnten foar de ynfiering fan de wykteams op it gemeentehûs al in wiidweidich petear hân hawwe en allegear gegevens jûn hawwe. Dêrneist krije minsken fragen oer skulden of ferslavings. Dat komt yntimidearjend oer, seit Reijenga.
Amaryllis: neffens ôfspraken
Neffens programma-manager Astrid de Bue fan Amaryllis is de wurkwize fan de sosjale wykteams yn Ljouwert neffens ôfspraken dy't makke binne mei de gemeente. De sosjale wykteams yn Ljouwert wurkje sa as de gemeente it ha wol. "It is spitich dat minsken tinke dat wy harren 'verhore' wolle. Wy krije gjin dossiers mei privee-ynformaasje fan de gemeente. At wy delkomme by de minsken is dat om't wy sjen wolle oft wy harren helpe kinne."