Wurk oan nije rotonde De Jouwer set moandei útein

De Jouster rotonde út de loft © Omrop Fryslân
Fan kommende moandei ôf starte Rykswettersteat en de provinsje op de A6 by De Jouwer echt mei it wurk oan de nije rotonde. Fan Skarsterbrêge nei De Jouwer wurde de twa rydstreken smeller makke en jildt in maksimumsnelheid fan 70 kilometer yn de oere. De oanpassings duorje oant de ein fan it jier. De dykwurkers dogge tariedings foar de oanlis fan fly-overs fan en nei Snits.
Troch dizze fly-overs oan te lizzen, hoecht ferkear tenei net mear te wachtsjen foar de rotonde. Dit smyt no noch faak files op by De Jouwer. Ein takom jier moat it wurk by De Jouwer hielendal klear wêze.