Kollum: ''Slachte slachte''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
''It is goed dat we yn Fryslân safolle eveneminten ha. Juny is in topmoanne. Sa’n moaie golle provinsje. Je betinke wat en hup je ha wer in nij evenemint. Hoewol, dy freeslike loftmachtdagen  komme der oan. Hie der no net ea ris in F-16 troch tonger del donderje kinnen. Okee, mei gebrûk fan sjitstoel. Mar dan hoegde it nea wer. It is dochs te idioat dat de definsjeminsken yn jannewaris al giele buordsjes ophong ha hoe’t se freed en sneon ride moatte. No ja, dan witte wy dat we de oare kant út moatte. Dat domme gedoch lêsten mei dy F-35. Al dy minsken mar sjen at dat ding echt wol op de foto liket. Dat is dochs genôch loftmachtdei. Mar no diken ôfslute as parkearterrein. Al dy Oerol gongers moatte fan Ljouwert nei Snits oer Boalsert en dan Harns. Inkeld mar om’t se by definsje net wite hoe’t se it jild op krije moatte.
Sa lang at je ditsoarte dingen dogge, hoecht de begrutting fan definsje nea omheech. En ynienen ek sa oerdreaun freonlik mei alle minsken sûnder soldatepakje omgean. Der kaam fan 'e wike sels in Keamerkommisje nei Marssum, dan koenen se sels efkes hearre nei it lûd fan dy F-35. Lit soks no gewoan oan Geart Verf oer. Of moat dy keamerleden aanst ek earst efkes nei Syrie om te sjen at de F16bommen der wol foldwaande skea jaan kinne.
Ien ding kin se wol dy militêren, om't se dêr allegearre dogge wat de baas seit. Organisearje. Sjoch by de Slachtemaraton die net ien wat de organisaasje tocht hie. Elkenien die mar wat.  Moarns daliks al. File by Raerd. Der moasten de rinners hinne en dan mei de bus nei Easterbierrum, it startplak. Want dat is mei twa auto’s fol. Mar de Slachte-organisaasje hie der net op rekkene dat dy lju oan de bushalte ta ride, want Slachterinners kin net in eintsje rinne. En dan ek noch oeren njonken de auto omtouterje, soe’k ek in paraplu meinimme moatte. Nee, de sinne skynt, rôp de organisaasje. O seine de autosjauffeurs, en sochten alfêst in parkearplakje op, want mei moai waar kin je wol in dei yn Raerd sitte. Sadat der by it jûns wer opheljen fan útrûne lju noch folle langere files ûntstienen. De auto’s koenen nearne hinne, it lân wie wiet en lei fol hea. Se setten him oeral mar del.
Dy rinners doge ek net. Dy hiene net 42 kilometer fleskes wetter yn dy rêchsek, mar ek in stikje koeke of sa. De organisaasje moast yn sân heasten  elkenien freegje wetter nei de Slachte te kroadzjen. Want dy waarmannen diene ek har eigen sin. Waard it earst waarm, letter sels hiet. De organisaasje wit no dat tenei it strange rezjym fan de fjouwerdaagse yn Nijmegen hantearre wurdt: wetter om de kilometer. Frjemdernoch hiene de maratonhurdrinners ek te min wetter. Bin dy net goed traind of sa. Uteinlik rekken allegear minsken yn it sikehûs. Se hiene it by de finish sa drok mei yn elkoar donderjende rinners, dat se net iens mear in blierke prikke koene. No ja it is ek wol dom om 1200 blierren op te rinnen, wa docht de Slachte no ek op klompen. De organisaasje wit it no: we moat soargje foar sûnens foar dy meirinners. Je kin wol in jong famke ferbiede hurd te rinnen om't se noch gjin alkohol ha mei, mar je moat ek soargje foar dy âlde strûken dy’t oer dy dyk rôlje. Miskien restriksjes stelle.
En wat de organisaasje hielendal net begrypt is dat der net inkeld rinners binne, mar ek minsken dy’t der nei sei sjogge. Dat hiene se noch nea mei makke, hoe is it mooglik. Oeral it ferkear ferstoppe,  om't minsken nei minsken sjen wolle.
Jonges en famkes. At we it no sa ôfprate. Definsje leit om de kilometer in wetterkraan op de Slachtedyk oan. Yn Easterbierrum en Raerd keapje se twa boeren út en meitsje parkearterreinen foar elk 15.000 auto’s. Yn 2018 by de folgjende sels ynternasjonale Slachte wurde lâns de rûte diken ôfset om te parkearje te kinnen. En oeral komme medyske militêre posten, weromhelle út Syrië. Dan ha dy definsjelju it sa drok dat se gjin loftmachtdagen mear organisearje kinne. En de Slachte ferrint dan noflik.''