Pompeblêdwytsnút-libel wer sjoen yn Fryslân

08 jun 2016 - 06:05

De pompeblêdwytsnút-libel (sierlijke witsnuitlibel) is werom. Sûnt 1970 wie it ynsekt út Nederlân ferdwûn. Mar de pompeblêdwytsnút is dwaande mei in 'come-back'. De lêste jierren is er al wer ris sjoen yn De Weeribben en no dus ek yn Fryslân. Yn in petgat yn natuergebiet de Brandemar binne ferskate eksimplaren sjoen, mantsjes likegoed as wyfkes. Dat jout oan dat der wer in lytse populaasje is.

Pompeblêdwytsnút is sinnich

Dat dizze libel werom is, seit wat oer de wetterkwaliteit. De larve fan de pompeblêdwytsnút is sinnich. Hy kin allinne oerlibje yn skjin wetter. Fyftjin jier lyn hawwe natuerorganisaasjes it behear fan de petgatten oanpast. Lânbouwetter wurdt earst skjinfiltere foar't it yn de petgatten komme kin, en dat docht dus fertuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)