LDODK wint noardlike bekerfinale fan De Hoeve

07 jun 2016 - 22:43

Kuorbalklup LDODK hat de noardlike beker wûn. Yn de finale wie de ploech út De Gordyk mei 22-20 te sterk foar De Hoeve. De Hoeve begûn sterk oan de wedstriid. Se kamen mei 5-0 foar. Nei in miste strafbal kaam LDODK stadichoan better yn de wedstriid. De Hoeve gie lykwols mei in 12-8 foarsprong it skoft yn.

De twadde helte gie lang lykop. Tolve minuten foar tiid kaam LDODK foar it earst op foarsprong. De ploech wist de lytse foarsprong mar krekt te behâlden, wêrtroch't de wedstriid yn 22-20 einige en LDODK de noardlike beker binnensleepte.

De junioarefinale waard wûn troch OKO út de Grinzer Pein troch in 24-23 oerwinning nei ferlinging tsjin AVO út Assen.
De aspiranten fan Drachten wûnen de finale tsjin AVO mei 16-15, ek nei ferlinging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)