GayStraightParade troch grêften Ljouwert

Der wurdt tongersdei in GayStraightParade hâlden troch de grêften fan Ljouwert. BOD Events en Leeuwarden Studiestad organisearje de grêfteparade.It evenemint fynt plak yn it ramt fan it Zomer Festival, dat dit jier foar de twadde kear hâlden wurdt. Mei it Zomer Festival wurdt it stúdzjejier ôfsletten.
De GayStraightParade wol frijheid en ferskaat fiere. De parade set útein op it Mata Hariplein en fart dêrnei oer de Nijstêd rjochting de Waach. Jûns is der in feest op it Saailân en dêrnei is der yn ferskate kafees in afterparty.