Provinsje: Grien ljocht foar proef peilferheging Lauwersmar

Lauwersmar © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
As it oan de provinsje leit, giet de proef mei peilferhegings yn de Lauwersmar troch. It behearplan foar de natuer yn it gebiet is troch de provinsje fêststeld en dêr sit dizze proef yn. Dat betsjut dat it wetterpeil twa jier efterinoar seis wiken lang tydlik omheech giet. Dat bart yn febrewaris en maart.
It peil giet omheech nei maksimaal 0,52 meter NAP. As de proef slagget, ûntstiet der nij reid en sille boskjes fersûpe. It iepen lânskip dat dêrtroch weromkomme moat, is goed foar guon seldsume fûgelsoarten lykas de blauwe hoanskrobber.
Ferset tsjin de proef
Yn de streek is in soad ferset tsjin de proef. Undernimmers binne benaud foar skea. Der komt in skearegeling. Steatssekretaris Van Dam moat it plan noch definityf goedkarre.