Unrêst oer opfang Wytmarsum hie foarkommen wurde kinnen

De ûnrêst yn Wytmarsum oer de opfang fan hûnderten asylsikers hie mooglik foarkommen wurde kinnen. Dat blykt út de evaluaasje fan de gemeente Súdwest-Fryslân en doarpsbelang Wytmarsum. It plan foar de opfang fan 200 asylsikers lei al klear doe't it doarp dêr mei konfrontearre waard. Dat soarge foar in soad ûnrêst. By eintsjebeslút soarge it der ek foar dat der hielendal gjin flechtlingen opfongen wurde.
Goeie les foar de takomst
Dat wie no ek wer net de bedoeling, sa seit foarsitter Joost Rosier fan doarpsbelang Wytmarsum. In goeie les dus hoe't it in folgjende kear eventueel oars moat. "Als je eerder met elkaar overlegt om iets in Witmarsum te gaan doen, en dit hebben wij vanuit het dorpsbelang ook gevraagd, dan waren we misschien verder gekomen", sa seit Rosier.
"Veel mensen willen zich inzetten"
Neffens Rosier wolle de ynwenners fan Wytmarsum harren wol deeglik ynsette foar flechtlingen. It wie de lokaasje dêr't men it net mei iens wie, sa die ek bliken út de enkête dy't troch de doarpsbewenners ynfolle is. "We hebben een onafhankelijke enquete gehouden waarin werd gevraagd wat het dorp van de voorgestelde locatie vond. Die locatie paste niet goed, zo vond de bevolking van Witmarsum. Dat wil niet zeggen dat men zich niet wil inzetten. Witmarsum is een heel actief dorp. Heel veel mensen willen zich voor vluchtelingen inzetten."
Statushâlders
In opfang yn it doarp is definityf fan de baan. It doarpsbelang tinkt dat der no ûndersocht wurdt oft flechtlingen dy't al in status hawwe opfongen wurde kinne.