Tentoanstelling oer Jentsje Popma yn Jorwert

© Omrop Fryslân
Stichting Nijkleaster yn Jorwert hâldt ein oktober in tentoanstelling oer Jentsje Popma. De keunstner wurdt yn septimber 95 jier en de stichting wol him yn it sintsje sette. Popma hat yn it ferline syn atelier en alle keunst dy't dêr stiet oan Stichting Nijkleaster skonken. It wurk mei ferkocht wurde om dêrmei it doel fan Nijkleaster te finansieren: in nij, protestantsk kleaster oprjochtsje yn of by Jorwert.
De tentoanstelling yn oktober bestiet dan ek út wurk fan Popma dat no yn besit fan de Stifting Nijkleaster is.