Nij suvelmerk fan Boeregilde presintearre yn Idzegea

07 jun 2016 - 12:40

Weide Weelde. Dat is de namme fan it nije suvelmerk fan it Boeregilde. Dizze groep noardlike boeren ûntwikkele Weide Weelde yn gearwurking mei de Vogelbescherming. It doel is twaliddich: suvel produsearje en der tagelyk foar soargje dat it goed giet mei de greidefûgels. De dielnimmende boeren nimme ekstra maatregels foar de greidefûgels.

Weide Weelde waard tiisdeitemiddei offisjeel presintearre op in pleats yn Idzegea. De produkten binne te keap by Jumbo, mar it is de bedoeling dat der mear supermerken folgje. Neffens de inisjatyfnimmers is it net djoerder as oare merken. Fan elk pak suvel dat ferkocht wurdt, giet twa sint nei de útwreiding fan natuer op de boerebedriuwen.

Trefwurden: 
Weide Weelde molke boeregilde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)